dcsimg

Mûzen en rotten fan de Alde Wrâld ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages
 src=
Tekening fan 'e wytpoatbeamrôt, in útstoarne soarte.

De mûzen en rotten fan de Alde Wrâld (wittenskiplike namme: Murinae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia) en de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae), dêr't û.o. de hûsmûs, de brune rôt en de swarte rôt ta hearre. Dizze ûnderfamylje bestiet út mar leafst 519 soarten, en is dêrmei grutter as alle sûchdierefamyljes útsein de mûseftigen (dêr't er ta heart) en dy fan 'e wrotmûseftigen, en ek is er grutter as alle sûchdiereskiften útsein dy fan 'e kjifdieren (dêr't er ta heart) en dy fan 'e flearmûzen.

De mûzen en rotten fan de Alde Wrâld binne lânseigen yn Jeraazje, Afrika en Austraalje, mar komme tsjintwurdich as eksoaten ek foar op alle oare grutte lânmassa's útsein Antarktika. Op plakken dêr't se fan natuere net foarkamen, foarmje se yn 'e regel in slimmen pleach dy't grutte skea tabringe kin oan 'e lânseigen fauna, yn 't bysûnder op isolearre eilannen, lykas yn 'e Stille Súdsee.

Underfamylje-opbou

Boarnen, noaten en referinsjes

license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren

Mûzen en rotten fan de Alde Wrâld: Brief Summary ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages
 src= Tekening fan 'e wytpoatbeamrôt, in útstoarne soarte.