dcsimg

Amerikaanske nerts ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages
 src=
De lânseigen fersprieding fan 'e Amerikaanske nerts, yn Noard-Amearika.

De Amerikaanske nerts of de mink (Latynske namme: Neovison vison) is in sûchdier út 'e famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae) en it skaai fan 'e Amerikaanske nertsen (Neovison), dat lânseigen is yn Noard-Amearika. Lykwols komt er hjoed de dei as eksoat ek yn Jeropa rûnom yn it wyld foar, ek yn Nederlân. De Amerikaanske nerts moat net betize wurde mei de besibbe Jeropeeske nerts, dêr't er in protte op liket. Hy wurdt beskôge as in skealik bist, wêrfan't de yntroduksje yn Jeropa de efterútgong fan lânseigen soarten as de Jeropeeske nerts en de súdlike wetterrôt ta gefolch hân hat.

Fersprieding

De Amerikaanske nerts is lânseigen yn hast hiele Noard-Amearika, útsein it arktyske noarden fan Kanada, de Aleoeten, Kodiak en de súdlike eilannen fan Alaska, de Keninginne Charlotte-eilannen, Vancouvereilân, Nijfûnlân, Kaap Bretoneilân, Prins Edwardeilân en in grut part fan it Amerikaanske súdwesten, mei dêrûnder hiele Nij-Meksiko en Arizona, de súdlike helte fan Kalifornje en Nevada, it grutste part fan Teksas en dielen fan Utah, Kolorado en Oklahoma.

Om 1900 hinne waard de Amerikaanske nerts ek ynfierd yn Jeropa, foar de pelsdierfokkerij. Mar al gau brieken de earse eksimplaren út en sûnt de tweintiger en tritiger jierren fan 'e tweintichste iuw hat er him nei gedachten foargoed oan diskant de oseaan nei wenjen set. Hy komt foar yn hast hiele Jeropa, mar benammen op 'e Britske Eilannen en yn Yslân, de noardlike helte fan Skandinaavje, Ruslân, Poalen, Dútslân, Frankryk en Spanje. Yn Nederlân binne troch it hiele lân al Amerikaanske nertsen fongen, fral yn muskesrottefallen, mar oant no ta bestiet der noch gjin bewiis de Amerikaanske nerts him hjir ek fuortplantet.

Uterlike skaaimerken

 src=
In Amerikaanske nerts mei in sulverblauwige pels yn in fokkerij.

De Amerikaanske nerts hat trochinoar in kop-romplingte fan 32-45 sm mei in sturtlingte fan 13½-22 sm en in gewicht fan 0,5-1,9 kg. Dêrby binne mantsjes dúdlik grutter en swierder as wyfkes. Amerikaanske nertsen binne goed oanpast oan it libben yn it wetter en hawwe swimfluezzen oant healwei de romte tusken de teannen. Se binne op in wyt plak op it kin nei hielendal dûnkerbrún oant swart, al krije âldere eksimplaren soms ljochte plakken op it boarst en de flanken en yn 'e ljisken en de nekke. De simmerpels skynt wat út 'en readens, wylst de winterpels tsjin it swarte oan is. Dêrby moat oantekene wurde dat guon koartby út fokkerijen útnaaide bisten hiele oare kleuren hawwe kinne, lykas ljochtbrún of sulverblauwich. De Amerikaanske nerts is dreech te ûnderskieden fan 'e Jeropeeske nerts; it wichtichste ferskil is dat er justjes grutter is.

Biotoop

Amerikaanske nertsen hâlde har benammen op oan 'e iggen fan beken en rivieren, al binne se folle minder fan in wetterryk biotoop ôfhinklik as de Jeropeeske nerts. Se jouwe de foarkar oan kriten mei wat beskûl, yn 'e foarm fan bosken, opgeand leechhout of reidlân. Op 'e Britske Eilannen komme se ek wol yn kustgebieten foar.

Hâlden en dragen

 src=
In nêst Amerikaanske nertsejongen.

Amerikaanske nertsen binne fan natuere solitêre nachtdieren, wa har libbensritme beynfloede wurdt troch dat fan har proaien en yn kuststreken ek troch it tij. Se hawwe ornaris in lang en smel territoarium, dat 1-5 km rivierigge of kustline beslaan kin. Harren hoalen meitsje se faak op in sideplak, bgl. ûnder beamwoartels yn 'e wâl, al nimme se ek wol kninehoalen oer. It binne húslike bisten, dy't 80-85% fan 'e tiid trochbringe yn harren hoalen, dêr't se ferskate fan hawwe fanwegen de langrutsenens fan harren territoaria.

De peartiid falt foar Amerikaanske nertsen tusken febrewaris en april. Nei de pearing, wêrby't it der rûch om en ta gean kin, folget der in ferlinge draachtiid fan 2-7 wiken en dêrnei de eigentlike draachtiid fan 4 wiken. Om begjin maaie hinne wurde der dan 4-6 jongen smiten, dy't nei likernôch 4 moannen selsstannich binne. Yn it wyld wurde Amerikaanske nertsen yn 'e regel net âlder as 5 jier.

Fretten

 src=
In Amerikaanske nerts mei in fisk yn 'e snút.

De Amerikaanske nerts fret benammen fisk en kninen, mar ek bejaget er wol rotten, mûzen, fûgels, kreeften, kikkerts en ynsekten. Fierders lit er aaien en ies ek net lizze. Pipermûzen deadet er wol, nei gedachten om't se syn jachtynstinkt opwekje, mar fret er ornaris net op.

Status

De Amerikaanske nerts hat de IUCN-status fan "net bedrige", wat sizze wol dat der gjin kâns op útstjerren bestiet. Yn Kanada en de Feriene Steaten beskôget men de Amerikaanske nerts hjoed de dei as in geunstige ynfloed op syn proaidieren, mei't er krekt as oare rôfdieren de sike, swakke en ûnoanpaste proaien it earst pakt, sadat de populaasjes fan syn proaidiersoarten sûn en sterk holden wurde. Yn 'e measte Jeropeeske lannen wurdt er beskôge as in ûnnatuerlike ynslûper (al kin it net ûntkend wurde dat de minske sels ferantwurdlik is foar syn oanwêzigens hjir), en wurdt der war dien om him út it ekosysteem te ferwiderjen. De minder tiere en better oanpaste Amerikaanske nerts wurdt foar in part ferantwurdlik holden foar de efterútgong fan lânseigen soarten as de Jeropeeske nerts, de súdlike wetterrôt en de Pyreneeske desman.

Domestisearring

 src=
In Amerikaanske nerts as húsdier.

Wylde Amerikaanske nertsen kinne nuet makke wurde as se mar jongernôch fongen wurde, al bliuwt it oan te rieden om se net mei bleate hannen oan te pakken. Want de hân dy't har fuorret net bite, dêr hawwe se noch nea fan heard. Yn Noard-Amearika waarden nuete Amerikaanske nertsen oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw gauris holden as rottefangers, krekt sa't men yn Jeropa fretten hold. Mei't se graach baaie en swimme meie, sille nuete Amerikaanske nertsen faak amers of tobben mei wetter of badkûpen opsykje.

Opsomming fan ûndersoarten

Der binne 15 (stân fan saken fan 2005) erkende ûndersoarten fan 'e Amerikaanske nerts:

  • de Alaskamink (Neovison vison ingens)
  • de eastlike of lytse swarte mink (Neovison vison vison)
  • de eilânmink (Neovison vison nesolestes)
  • de Evergladesmink (Neovison vison evergladensis)
  • de Floaridamink (Neovison vison lutensis)
  • de gewoane mink (Neovison vison mink)
  • de Hudsonbaaimink (Neovison vison lacustris)
  • de Kalifornyske leechlânmink (Neovison vison aestuarina)
  • de Kenaimink (Neovison vison melampeplus)
  • de Mississippydellingmink (Neovison vison Letifera)
  • de súdlike mink (Neovison vison vulgivaga)
  • de westlike of Pasifyske mink (Neovison vison energumenos)
  • Neovison vison aniakensis
  • Neovison vison evagor
  • Neovison vison lowii

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren

Amerikaanske nerts: Brief Summary ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages
 src= De lânseigen fersprieding fan 'e Amerikaanske nerts, yn Noard-Amearika.

De Amerikaanske nerts of de mink (Latynske namme: Neovison vison) is in sûchdier út 'e famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae) en it skaai fan 'e Amerikaanske nertsen (Neovison), dat lânseigen is yn Noard-Amearika. Lykwols komt er hjoed de dei as eksoat ek yn Jeropa rûnom yn it wyld foar, ek yn Nederlân. De Amerikaanske nerts moat net betize wurde mei de besibbe Jeropeeske nerts, dêr't er in protte op liket. Hy wurdt beskôge as in skealik bist, wêrfan't de yntroduksje yn Jeropa de efterútgong fan lânseigen soarten as de Jeropeeske nerts en de súdlike wetterrôt ta gefolch hân hat.

license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren