dcsimg

Wezeling ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages
 src=
Fersprieding fan 'e wezeling.

De wezeling of weesling (Latynske namme: Mustela nivalis) is in sûchdier út 'e famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae) en it skaai fan 'e lytse marters (Mustela), dat lânseigen is yn frijwol hiel noardlik Jeraazje en noardlik Noard-Amearika. Ek yn Fryslân komt er rûnom foar, al wurdt er net faak waarnommen. De wezeling is it lytste rôfdier fan 'e wrâld, en liket by 't simmer tige op 'e harmeling (dy't winterdeis in wite pels hat), mar de wezeling is lytser fan stal en hy mist de swarte sturtpunt fan syn gruttere miich.

Fersprieding

De wezeling komt yn suver hiele Jeropa foar, útsein Yslân, Ierlân, en de eilannen yn 'e Middellânske See. Fierders is er yn 'e Alde Wrâld lânseigen yn it Atlasberchtme fan Noard-Afrika, hiele Sibearje, Sintraal-Aazje, Mantsjoerije en Koreä, it grutste diel fan Mongoalje en parten fan Sina, Japan, Fjetnam en it Midden-Easten. Yn Noard-Amearika komt er, ek as lânseigen soarte, foar yn hast hiele Alaska, yn hiele Kanada útsein it uterste súdwesten en súdeasten en de noardlikste Arktyske eilannen, en yn in grut part fan 'e legere achtenfjirtich steaten fan 'e Feriene Steaten, fan 'e noardlike Grutte Flakten oant de Appalachen. Yn Nij-Seelân komt er foar as troch de minske yntrodusearre eksoat en dêr hat er witwat skea oanrjochte ûnder de lânseigen fauna.

Uterlike skaaimerken

 src=
In wezeling.

De wezeling is in lyts bistke mei in fyn, lichtliddich en koartskonkich lichem. In folwoeksen eksimplaar is trochinoar 18½ sm lang (kop-romp) en 4-5 sm heech, mei in sturt fan likernôch 5 sm en in gewicht fan 95 g. Mantsjes binne in stik lytser as wyfkes. Mantsjes wurde 15-24 sm lang (kop-romp), mei in sturtlingte fan 4-6,7 sm en in gewicht fan 65-150 g. Wyfkes hawwe in kop-romplingte fan 13-21 sm, in sturtlingte fan 3-5½ sm, en in gewicht fan 40-85 g (dat is yn lichter as in fjildmûs, dy't de 45 g helje kin). Boppedat binne yn it suden fan Jeropa wezelingen in bytsje grutter as yn it noarden, en kin de trochsneed lingte per regio ferskille. De dwerchwezeling, in fan Finlân oant Sibearje foarkommende ûndersoarte, is nòch lytser (en de bangswezeling, in Noardamerikaanske ûndersoart, is it lytst fan allegear).

Wezelingen hawwe in readeftich oant kastanjebrune rêch en in wite bealch, wêrby't de grins tusken de kleuren ûnregelmjittich is. Yn it hege noarden wurde wezelingen yn 'e winter foar in part wyt, mar yn Nederlân en Belgje ferhierje se lang net folslein. Wezelingen hawwe in wyt plak op'e kiel en in readbrune sturt. De sturt hat gjin swarte punt, lykas by de gruttere harmeling, dy't fierder wol in protte op de wezeling liket.

Biotoop

Wezelingen komme sawol yn stedske gebieten as op it plattelân foar. Se libje benammentlik yn 'e buert fan rûchten, hagen, strewelleguod en boskrânen, mar se kinne rûnom oerlibje, salang't der genôch beskûl en proai is. De bisten hâlde ta yn greiden oant bosken, fan sândunen oant yn 'e bergen en fan sompen oant woastinen.

Hâlden en dragen

Wezelingen binne dei en nacht aktyf, wêrby't se op ûnregelmjittige mominten rêstperioades nimme. Faak rjochtsje se har op 'e efterpoaten op om harren om-en-by te ferkennen. It binne solitêr libjende bisten. It territoarium fan in mantsje oerlapet ornaris de territoaria fan mear as ien wyfke. De hoale is faak in âlde hoale fan in opfretten proaidier. It nêst wurdt yn kâldere streken beklaaid mei de pels fan proaidieren, sadat de wezeling syn lange lichem waarmhâlde kin. Wyfkes lizze yn it foarjier foarrieden oan, sadat se minder hoege te jeien en enerzjy sparje kinne foar de dracht.

De peartiid falt fan febrewaris oant april. Nei in draachtiid fan 35-40 dagen (dy't soms útrinne kin oan 70 dagen) fynt de earste smeet yn maaie plak. De wezeling hat gjin ferlinge draachtiid, sa't in soad oare martereftigen dy kenne. By genôch fretten folget der yn july of augustus noch in twadde smeet. By elke smeet krije de bisten trochinoar 5-7 (4-12 is mooglik) jongen. Benammen yn in goed lemmingjier krije wezelingen yn noardlike populaasjes gruttere en mear smeten, wêrfan't it tal jongen oprinne kin ta 16 de smeet. De maitiidssmeet groeit fluch, de simmersmeet stadiger. Nei 4 wiken gean de eachjes iepen, en nei nochris 3-4 wiken wurde de jongen ôfwend. As se 8 wiken âld binne, kinne se al goed jeie.

Nei 8-12 wiken ferlitte de jongen de mem en sykje in eigen territoarium. De bisten binne geslachtsryp nei 3 oant 4 moannen. Jongen út it earste nêst kinne dyselde simmers al in eigen nestke hawwe. Wezelingen wurde yn it wyld trochinoar mar in oardel oant twa jier, al kinne se yn teory de seis jier wol helje; yn finzenskip kinne se wol tsien jier wurde.

Fretten

 src=
In wezeling dy't in wylde knyn deadet.

De wezeling fret benammen kjifdieren as mûzen, wrotmûzen en lemmingen, mar ek gruttere sûchdieren as kninen en wetterrotten, fûgels, aaien, lytse reptilen, kikkerts en ynsekten. In protte fan harren proaidieren binne folle grutter as de wezeling sels. As wezelingen jeie, efterfolgje se proaien lykas lytse kjifdieren oant yn harren hoale, dêr't benammen it wyfke fanwegen de behindigens fan lichemsstal goed út 'e fuotten kin. De bisten frette alle dagen sawat in trêdepart fan har lichemsgewicht op. Se hawwe sa'n fluch metabolisme, dat se alle dagen ite moatte om net te ferhongerjen.

Status

De wezeling hat de IUCN-status fan "net bedrige", wat sizze wol dat der gjin kâns op útstjerren bestiet. Yn Nederlân mei der net mear op jage wurde. Oars as foarhinne beskôget men de wezeling hjoed de dei as in geunstige ynfloed op syn proaidieren, mei't er krekt as oare rôfdieren de sike, swakke en ûnoanpaste proaien it earst pakt, sadat de populaasjes fan syn proaidiersoarten sûn en sterk holden wurde.

Opsomming fan ûndersoarten

Der binne 18 (stân fan saken yn 2005) erkende ûndersoarten fan 'e wezeling:

  • de Alleghenywezeling (Mustela nivalis allegheniensis)
 src=
Twa bangswezelingen, fan 'e lytste ûndersoarte, slaande deilis.
  • de bangswezeling (Mustela nivalis rixosa)
  • de dwerchwezeling (Mustela nivalis pygmaea)
  • de Eskimowezeling (Mustela nivalis eskimo)
  • de Fjetnameeske wezeling (Mustela nivalis tonkinensis)
  • de Flaktewezeling (Mustela nivalis campestris)
  • de gewoane wezeling (Mustela nivalis nivalis)
  • de Japanske wezeling (Mustela nivalis namiyei)
  • de Kaukazyske wezeling (Mustela nivalis caucasica)
  • de Koreaanske wezeling (Mustela nivalis mosanensis)
  • de Mediterraanske wezeling (Mustela nivalis numidica)
  • de Middenjeropeeske wezeling (Mustela nivalis vulgaris)
  • de Sichuanwezeling (Mustela nivalis russelliana)
  • de Toerkestaanske berchwezeling (Mustela nivalis pallida)
  • de Transkaukazyske wezeling (Mustela nivalis boccamela)
  • de Turkmeenske wezeling (Mustela nivalis heptneri)
  • Mustela nivalis rossica
  • Mustela nivalis stoliczkana

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren

Wezeling: Brief Summary ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages
 src= Fersprieding fan 'e wezeling.

De wezeling of weesling (Latynske namme: Mustela nivalis) is in sûchdier út 'e famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae) en it skaai fan 'e lytse marters (Mustela), dat lânseigen is yn frijwol hiel noardlik Jeraazje en noardlik Noard-Amearika. Ek yn Fryslân komt er rûnom foar, al wurdt er net faak waarnommen. De wezeling is it lytste rôfdier fan 'e wrâld, en liket by 't simmer tige op 'e harmeling (dy't winterdeis in wite pels hat), mar de wezeling is lytser fan stal en hy mist de swarte sturtpunt fan syn gruttere miich.

license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren